Meteen naar de inhoud

Nieuwsbrief oktober

Yn de tsjinst fan ôfrûne sneintemoarn is der bekend makke dat der foarearst gjin tsjnsten mear
hâlden wurde sille. Ek “Breek de week” op woansdetemoarns sil foarearst op in sacht sin setten
wurde en is de tsjerke op dizze moarn ek net mear iepen. De tsjerkeried hat dit bislût nimme moatten mei pine yn it hert, mar mei it sûne ferstân foarop. It is lykwols tastien om mei 30 minsken
byinoar te kommen, mar troch de ûntwikkelingen rûnom de “Corona ûtbraak” fine we dat it net
langer ferantwurde is om de tsjerke iepen te stellen foar dizze aktiviteiten. It is jammer dat we dit
net dwaan kinne om ek de ferbining mei de gemeente en de minsken út it doarp stâl jaan te kinnen. It firus is oeral aktief, ek yn ús doarp. Om der wis fan te wêzen dat we net in boarne fan besmetting binne by dizze aktiviteiten, koe de tsjerkeried net oars as dit bislût nimme. We sille de
aktualiteit hjiryn ûteraard folgjen bliuwe en sadra as it kin wer oergean ta it iepenjen fan de tsjerke
foar dizze aktiviteiten.